woensdag 24 april 2013

I bought this album by a band called Channel, because I really loved the picture on the sleeve



En?

It is in typyske plaat foar it midden fan de jierren tachtich, mei in skerp, tin lûd, galmjende gitaren en hege, suvere sang. De sjonger is Robert Fleischman, dy't ea foar Journey sjonge soe, mar oan de kant skood waard doe't master sjonger Steve Perry yn byld kaam. Ast dy man syn karjêre neipluzest, komst in soad krekt-net-ferhalen tsjin. Lykas it ferhaal fan Channel. Doe't de elpee útkaam wie de band al doetiid. It hat miskien fiif, seis eksimplaren ferkocht, njonken de skyfkes dy't ûnder freonen en famylje ompart binne. It earste ferske hyt I'm by your side. Hiel lûd klinkt dat hiel goed.

Werútjefte

Rock Candy hat it yn 2009 remastere en op cd werútbrocht, mei in mânsk essee en alles derby. Ik bedoel it mankelike platelabel Rock Candy, net de Sweedske pornoside, dat giet oer oare channels.
Fynsto de kommende platen moai, dan is Channel syn debút -en iennichste útjefte- in oanrieder: